9 episodes

Bysûndere ferhalen oan de Fryske waadkust. Fan John Deen dy't mei syn húshâlding nei Flylân kaam oant moaie moetings yn Moddergat. De ferhalen fan it Waad wurde yn dizze podcast ferteld. Ferhalen fan it Waad fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.  

Ferhalen fan it waad Omrop Fryslân

    • Society & Culture

Bysûndere ferhalen oan de Fryske waadkust. Fan John Deen dy't mei syn húshâlding nei Flylân kaam oant moaie moetings yn Moddergat. De ferhalen fan it Waad wurde yn dizze podcast ferteld. Ferhalen fan it Waad fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.  

    #9 Koarnwertersân

    #9 Koarnwertersân

    Koarnwertersân, Frysk doarpke op de Ofslútdyk. Earder ûntstien as wurkeilân tidens de bou fan dyselde Ofslútdyk. Letter wenplak fan de minsken dy't wurken op de sluzen en brêgen. No wenje der noch 22 minsken, is it ferneamd om it Kazemattenmuseum en in favoryt plakje fan guon kampers. It Buro strúnde der in dei om op syk nei de sjarme fan dit bysûndere plak. 

    • 45 min
    #8 Roptasyl

    #8 Roptasyl

    Rotptasyl. It is mar in stipke oan de waadkust by Harns, mar dochs witte in soad minsken fan it bestean. Miskien fanwege it gemaal dat dêr stiet, of de fisk-hevel dy't glês-iel de kâns jout om it swiete Fryske wetter yn te kommen. Mar echt lanlike bekendheid kaam der troch it 'Wûnder fan Roptasyl', no 16 jier lyn. Majella en Klaas Kuiken, doe beiden al om de 50 hinne, krigen folslein ûnferwacht noch in poppe: Maike Jildou. Nei publikaasjes yn tsientallen media stie it lân op 'e kop. Fan oeral op 'e wrâld kamen kaarten, kadootsjes en blommen foar de wûnderpoppe fan Roptasyl. Nei 16 jier sjogge we werom mei heit, mem en dochter. 

    • 47 min
    #7 De rêders op it Waad

    #7 De rêders op it Waad

    It Waad is in prachtich gebiet om te farren. Drûchfalle litte op in plaat, of nei de eilannen sile. Mar it Waad hat ek gefaren, al soe it de boatsjefarder sels mar wêze. De minsken fan de KNRM binne der dan om te helpen of sels te rêden. Yn dizze ôflevering fan 'Ferhalen fan it Waad" ferhalen fan suksesfolle rêdings, mar ek de ramp mei in Dakota en Simone Scheffer dy't meigie op oefening.

    • 43 min
    #6 Moddergat

    #6 Moddergat

    Bysûndere ferhalen oan de Fryske waadkust, dy sykje we fan 't simmer yn Buro de Vries. Yn Moddergat treffe we in tal nijsgjirrige minsken, lykas aktrise Anke Bijlsma, dy't as programmeur in kultureel sintrum yn it doarp runt. Mar ek Willem Meinsma, dy't de skiednis fan Peazens-Moddergat beskreau, in Amsterdamske kameraman dy't de wrâld oer reizge mar hjir de rêst fynt, mar ek twa jonge froulju dy't ferantwurdlik bin foar 6.000 (!) skiep dy't no benamme op 'e seedyk rinne. Keunstner Gerrit Breteler sjongt op dy dyk a capella in earbetoan oan de fiskerman en we treffe in boer dy't him net thús fielt yn dizze tiid en útsjocht nei de Maranatha: de 'wederkomst' fan Kristus

    • 48 min
    #5 Joop Mulder

    #5 Joop Mulder

    Joop Mulder is dit kear ús gast yn de rige 'Ferhalen fan it Waad". Mulder naam earder dit jier ôfskie fan 'syn' Oerol, mar stil sitte kin hy net. Hy byt him no fêst yn it projekt Sense of Place. It wurdt in kulturiele rûte by de hiele Waadkust del. Buro de Vries trof Joop Mulder boppe op de seedyk, eagjend oer it Waad. En doe kamen de ferhalen fansels.

    • 50 min
    #4 Biolooch Theunis Piersma

    #4 Biolooch Theunis Piersma

    Biolooch Theunis Piersma is ferslingere oan it Waad. Al syn hiele wurksume libben docht hy ûndersyk nei it Waad en alle systemen dy't dêr plakfine. Hy fertelt oer it unike karakter fan it Waad, de bedrigings en syn leafde foar dit bysûnder natoergebiet.

    • 47 min

Top Podcasts In Society & Culture

Third Ear
Third Ear
Mørklagt
DR
Tyran
DR
Det Hemmeligste Af Det Hemmelige
Det Hemmeligste
Afhørt
Ekstra Bladet
Sørine & Livskraften
Kristeligt Dagblad

You Might Also Like