46 afleveringen

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum Omrop Fryslân

    • Nieuws

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.

    It nijsfoarum fan Buro de Vries op 19 maaie

    It nijsfoarum fan Buro de Vries op 19 maaie

    Foarumleden Irene Overduin(sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, Jaap Stalenburg (steatelid foar de PvdA en Aant Jelle Soepboer (Twadde Keaerlid foar NSC) besprekke it akkoart fan it nij te foarmjen kabinet. 

    • 47 min.
    It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024

    It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024

    It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024 mei hjoed oan tafel: Tjebbe van der Meer, CDA-fraksjefoarsitter Smellingerlân; Alice van Gosliga-Faber, BBB-fraksjefoarsitter Wetterskip Fryslân; Douwe Beimin, PAS Fryslân, (Platform Armoede en Schulden)

    • 51 min.
    It nijsfoarum fan 5 maaie: Jan-Willem Tuininga, Auke Zeldenrust en Jasmijn Bottema

    It nijsfoarum fan 5 maaie: Jan-Willem Tuininga, Auke Zeldenrust en Jasmijn Bottema

    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert, Auke Zeldenrust, sjoernalist, skriuwer, dosint en teätermakker en Jasmijn Bottema, 18 jier en fraksjemeiwurker foar D66 yn de steaten. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de 4 maaie betinking en de eangst foar fersteuring, demonstraasjes fan studinten tsjin Israël, it wol of net omleechbringen fan de leeftiid by it stimmen fan 18 nei 16 jier. Fierder ha alle foarumleden ek in eigen ûnderwerp dat se nei foaren bringe.  

    • 46 min.
    It nijsfoarum fan snein 28 april

    It nijsfoarum fan snein 28 april

    Yn it nijsfoarum besprekke  Hendrik Galema, jonge boer en foarsitter fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt. Mirka Antolovic, direkteur fan Tûmba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert en Wieke Goudzwaard, ek riedslid, mar foar it CDA yn de Fryske haadstê it nijs fan de ôfrûne wike. ûnderwerpen binne ûnder oaren: de problemen yn de lânbou, pfas, joadehaat, lintsjesrein en wylde katten.

    • 49 min.
    It Nijsfoarum mei Abel Kooistra, Albert van der Ploeg en Anne Merkuur

    It Nijsfoarum mei Abel Kooistra, Albert van der Ploeg en Anne Merkuur

    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Abel Kooistra, fraksjefoarsitter BBB yn de steaten, Albert van der Ploeg, foarsitter Noardelike Fryske Wâlden en Anne Merkuur, fraksjefoarsitter Grien Links/PvdA yn de Fryske Marren en universitêr dosint Frysk oan de RUG en ûndersiker by de Fryske Akademy. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de nije bestjoersôfspraak Frysk, it krewearjen fan boeren foar de greidefûgels, gebietsbudzjetten dy't net trochgean en it 80-jierrich befrijingsfeest dêr't Deputearre Steaten folle minder jild foar útlûke wol as wer't op rekkene wie.

    • 47 min.
    It Nijsfoarum fan 14 april 2024

    It Nijsfoarum fan 14 april 2024

    Oan tafel by it Nijsfoarum ditkear: - Aukje de Vries, VVD-keamerlid en demissionêr steatssiktaris; - Eke Folkerts, BBB-deputearre yn Fryslân; - Hayo Bootsma, redakteur/ferslachjouwer by Omrop Fryslân.

    • 43 min.

Top-podcasts in Nieuws

De Oranjezomer
Oranjezomer
Maarten van Rossem - De Podcast
Tom Jessen en Maarten van Rossem / Streamy Media
Boekestijn en De Wijk
BNR Nieuwsradio
Weer een dag
Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman
NRC Vandaag
NRC
de Volkskrant Elke Dag
de Volkskrant

Suggesties voor jou