10 min.

In karakterysk byld: Benita Rinsma mei oan beide hannen in Joadsk berntsje Buro de Vries (Podcast)

    • Politiek

Yn har relatyf koarte libben hie Benita Rinsma hiel wat by de ein: Se wie ferpleechster en stewardes en wurke yn Ynje en Fenezuela. Dat jout wol oan dat se fan aventoer hold mar har grutste aventoeren belibbe sy yn'e oarloch doe't se meiholp by de smokkel fan Joadske bern út Amsterdam nei Fryslân.Yn 1943, doe't yn it hiele lân de deportaazjes fan Joaden op gong kamen, dûkte Henk Kluvers ûnder yn it gesin Rinsma. Hy wie in kammeraat fan Piet Meerburg dy't yn Amsterdam in smokkelnetwurk opsetten hie. Joadske bern waarden út de kresj foar de Skouburch oer nei Limburch en Fryslân smokkele. Henk Kluvers soarge der foar dat de bern yn Fryslân plak krigen. Hy die in berop op Benita en sy stimde ta. Mei oan eltse hân in bern, brocht Benita de bern nei ûnderdûkgesinnen en tegearre 'boarten' Benita en Henk regelmjittich foar 'troud stel mei poppe'.  