29 min.

Wike 2 - Training 3 Fit mei Femke sûnder muzyk

    • Fitness

Training 3 4 x 3 minuten en 2 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot jout advys oer skuon en klean "Bezuinigen op de aanschaf van hardloopschoenen, is bezuinigen op het verwerven van hardloopplezier" Trije belangrike saken: pasfoarm, skokdemping en stabiliteit. Foar in goed advys is it bêste om nei in hurdrinspesjaalsaak te gean. Hast in pear âlde hurdrinskuon, nim se dan mei. It kin ien en oar sizze oer dyn rinpatroan. Rinskuon kinne ûnderferdield wurde yn trije haadkategorieën; neutraal, nei binnen rinne (oerpronaasje) en nei bûten rinne (supinaasje). By de measte hurdrinspesjaalsaken wurdt in filmke makke fan dyn ringedrach en op basis dêrfan wurde de goeie skuon oanmetten. By de measte minsken is de iene foet grutter as de oare foet. Keapje dyn skuon op basis fan de grutste foet. En keapje skuon altyd in bytsje grutter as de maat fan dyn gewoane skuon Skuon binne der yn in soad breedtematen. Ek dat is belangryk. Goeie hurdrinklean is komfortabel en funksjoneel. Moast dy der dus goed yn bewege kinne. It bêste is om yn ferskate lagen ademjende klean te trainen. Dus lichte klean dy't de waarmte goed fêsthâlde kinne, mar wêrby it swit wol fuortkomme kin. It doel fan de lagen is om ôfkuolling foar te kommen. It swit wurdt fanút de ferskate lagen ôffierd en dêrtroch wurdst minder gau kâld. Boppedat kinst by waarm waar in laachje útdwaan. En kinst better wat tefolle klean oan ha as te min. De hurdrinspesjaalsaak hat lyk as by de skuon in hiel soad keuze en meastentiids ek noch yn moderne kleuren. Jaring de Groot