3 afleveringen

In nije nijspodcast-rige fan Omrop Fryslân: 'Wike yn, wike út'.

Wike yn, wike út Omrop Fryslân

    • Nieuws
    • 5,0 • 2 beoordelingen

In nije nijspodcast-rige fan Omrop Fryslân: 'Wike yn, wike út'.

    Fêst yn Woodbrookers

    Fêst yn Woodbrookers

    Omrop Fryslân komt mei skokkende ferhalen oer wat der mis gie by de jeugdynstelling Woodbrookers yn Koartehemmen. Dêr brûke meiwurkers ysolaasje en pine-prikkels as de bokkepoat en earmklem om kliïnten ûnder kontrole te krijen. It mei net en it binne maatregels dy't bern beskeadigje, sizze saakkundigen. Ald-kliinten stappe no nei foaren, want se wolle erkenning foar wat se oandien is.

    • 35 min.
    Soarchekonoom Jochen Mierau: "Fúzje sikehúzen Fryslân is it bêste foar de soarch."

    Soarchekonoom Jochen Mierau: "Fúzje sikehúzen Fryslân is it bêste foar de soarch."

    Fryske gemeenten en de provinsje moatte ynsette op in soarchnetwurk en previnsje. Dat seit Jochen Mierau, professor en heechleraar Economie van de Volksgezondheid oan de Ryksuniversiteit Grins. Mierau lit syn ljocht yn dizze podcast ôflevering skine oer de fúzjeplannen fan de sikehúzen Tjongerschans fan It Hearrenfean en Antonius fan Snitsen dêrby it plan om nij te bouwen op De Jouwer. In ûntjouwing dy't neffens him net foar te kommen is: "Het is een gevolg van de demografische ontwikkelingen." Foar Mierau komt it ek net as in ferrassing. By de buorlju yn Grinslân ha se al in soartgelykes trajekt trochrûn. Dêr gie it om in fúzje en slúting fan de sikehúzen fan Delfzijl en Winschoten.Dy binne opgean yn in nij sikehûs yn Scheemda, it Ommelander sikehûs. "De beide ziekenhuizen moesten investeren in nieuwbouw. Ze hebben toen gekozen voor een fusie met een geografisch optimale ligging. Dat doen ze nu in Fryslân ook." De bestjoerders dy't hjir de plannen meitsje soenen goed sjen moatte nei wat se dêr delset ha, seit Mierau: "Er is daar goed gekeken naar beschikbaarheid en toegankelijkheid. Parkeren bij een ziekenhuis is vaan duur daarom hebben ze het daar gratis gemaakt. Er is ook een goede OV-verbinding." Dat is wer't de provinsje en de gemeente har no ek foar ynsette moatte, sa stelt de heechlearaar.    

    • 25 min.
    Lelyline: history, stasjon Ljouwert en de polityk

    Lelyline: history, stasjon Ljouwert en de polityk

    Wolkom by de earste ôflevering fan in nije podcastsearje fan Omrop Fryslân: Wike yn, wike út. Al yn de 19e iuw waard deroer sprutsen: De Lelyline. De politike wil liket der te wêze, mar de wei is lang. Presintator Wim Brons praat op de redaksje fan Omrop Fryslân mei wethâlder Evert Stellingwerf fan Ljouwert en polityk ferslachjouwer fan Omrop Fryslân Onno Falkena oer de skiednis fan de line, de stân fan saken en it plak dat Ljouwert hawwe wol yn dizze spoarferbining. Dêrneist ferskynde resint in plan fan de Deutsche Bahn wêryn de Lelyline no ek tekene stiet.   Fragminten: -FryslanDOK:  Spoarsykje nei de Lelyline  -Matthijs de Vries fan ChristenUnie en Sijbe Knol fan FNP oer Lelyline by presintaasje nij koleezje  -FNP duorjende kampagne Provinsjale Steaten oer Lelyline --------------------- Dit is in pilot episoade fan de nije Omrop Fryslân-podcast Wike yn wike út. 

    • 26 min.

Klantrecensies

5,0 van 5
2 beoordelingen

2 beoordelingen

Top-podcasts in Nieuws

Maarten van Rossem - De Podcast
Tom Jessen en Maarten van Rossem / Streamy Media
Boekestijn en De Wijk
BNR Nieuwsradio
De Dag
NPO Radio 1
NRC Vandaag
NRC
Weer een dag
Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman
de Volkskrant Elke Dag
de Volkskrant