219 episodes

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Buro de Vries (Podcast‪)‬ Omrop Fryslân

    • News

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

    Robert Adjiet oer syn boek "Van de Vrijheid en de Fries"

    Robert Adjiet oer syn boek "Van de Vrijheid en de Fries"

    Wat is fryheid en wêrom wol in Fries sa graach fry wêze? It binne fragen dy't skriuwer Robert Adjiet himsels stelde doe't hy in pear jier ferlyn kaam te wenjen yn Harns. Adjiet, berne yn Suriname en opgroeid yn Bûtenpost, hat jierren yn de Rânestêd wenne en dêr fielde hy dy fryheidsdrang by de minsken om him hinne hielendal net. Wêrom dan wol yn Fryslân? Robert Adjiet gie op syk nei skiednisferhalen, mythes en filosofyske beskôgings en skreau it boek: "Van de Vrijheid en de Fries". It Buro moetet Adjiet flakby Jirnsum, by it rivierke de Boarne, in wichtich plak yn de skiednis fan de Frije Fries.

    • 13 min
    Ut it Libben: Rinse Strikwerda (1946 - 2024)

    Ut it Libben: Rinse Strikwerda (1946 - 2024)

    'In topûndernimmer mei in fin mear as in bears', sa wurdt Rinse Strikwerda typearre. Strikwerda ferstoar yn maaie en wie doe, mei in fermogen fan 1,7 miljard euro de rykste Fries, neffens it sakeblêd Quote. Hy waard ryk mei de ferkeap fan in IT-bedriuw en mei tal fan ynfestearings. Yn Wytmarsum begûn Strikwerda 25 jier lyn op in grutte, moderne pleats mei buorkjen. Buro de Vries sjocht dêrop werom mei materiaal út it argyf, mar lit ek oare ûndernimmers út it doarp oer him oan it wurd. 

    • 25 min
    Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden diel 2

    Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden diel 2

    Boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbehear rint mei it Buro troch de Twizeler Mieden by Bútenpost. Ferline wike fûnen we yn it wetter seldseme soarten mei de prachtigste nammen lykas it Bargesturtsje en Sint Jans Sompekrûd. No sjogge we wat der allegear groeit en bloeit op de drûge stikken fan de Twizeler Mieden.

    • 13 min
    Melkfeehâlderij moat ekstinsiver fine saakkundigen

    Melkfeehâlderij moat ekstinsiver fine saakkundigen

    De melkfeehâlderij yn Fryslân moat 'grondgebonden' en duorsumer mar hat wol in goeie takomst. En de polityk moat minder mei regels en mear mei doelen wurkje. Dat sizze de lânbouadviseurs Johannes Bakker en Oane Galama. Ek demisjonêr minister fan lânbou Piet Adema leaut yn in 'grondgebonden' melkfeehâlderij en wol boeren helpe om de oerstap nei dizze foarm fan buorkjen te meitsjen. Bakker, Galama en Adema fertelle dit yn in dokumintêre fan it radioprogramma Buro de Vries. 

    • 30 min
    Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden

    Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden

    It is in eksploasje fan de moaiste blommen en planten yn de Twizeler Mieden by Bútenpost. Werstelwurksemheden yn dit natoergebiet dogge fertúten en soargje derfoar dat hyltyd mear seldseme planten har hjir thúsfiele. Buro de Vries gie mei boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbeheer it gebiet yn op syk nei dy planten. De learzens moatte oan want ek yn it wetter is fan alles te finen

    • 13 min
    In stikje Slachte rinne mei Stefien Smeding

    In stikje Slachte rinne mei Stefien Smeding

    Mear as tsientûzen kuierders rinne sneon 15 juny de Slachtemaraton. 42 kilometer rinne oer de Slachtedyk, de âlde seedyk dy't Fryslân eartiids beskermde tsjin it wetter. Ast mei safolle minsken tagelyk de Slachtemaraton rinst, hast net altyd tiid om goed om dy hinne te sjen, whylst hast stroffelst oer de skiednis. Kultuurhistoarika Stefien Smeding fan it Fryske Gea kent de ferhalen fan de Slachtedyk en nimt it Buro mei de dyk op.

    • 14 min

Top Podcasts In News

بودكاست أريـــكة
Ghmza غمزة
الفجر
ثمانية/thmanyah
Global News Podcast
BBC World Service
بعد أمس
Atheer ~ أثير
بودكاست الشرق
منتدى الشرق
Pass The Kabsa
Pass The Kabsa

You Might Also Like

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Omrop Fryslân
De Stemming van Vullings en Van der Wulp
NPO Radio 1 / NOS / EenVandaag
Europa draait door
NPO Radio 1 / VPRO
Sicco, de verdwenen marechaussee
Omrop Fryslân
Maarten van Rossem - De Podcast
Tom Jessen en Maarten van Rossem / Streamy Media
Afhameren met Wouter de Winther
De Telegraaf