199 episodes

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Buro de Vries (Podcast‪)‬ Omrop Fryslân

    • News

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

    Boek fan Adwin de Kluyver oer wûnderlike eilannen

    Boek fan Adwin de Kluyver oer wûnderlike eilannen

    Nei twa boeken oer de poalgebieten komt skriuwer en histoarikus Adwin de Kluyver út Ljouwert no mei in boek oer eilannen. Yn "de eilanden van goed en kwaad" komme tachtich eilannen oan bod. Eilannen hawwe de Kluyver altiid fassinearre. As jonkje lies hy de boeken fan Robinson Crusoë en Tom Sawyer en fantasearre hy oer libje op in ûnbewenne eilân. In eilân is in wrâld yn it lyts en it is it ideale plak om in utopyske mienskip te foarmjen, in paradyske op te bouwen. Mar it is ek in plak om eksperiminten út te fieren, finzenen op te sluten en om wittenskiplik ûndersyk te dwaan.Yn 'de eilanden van goed en kwaad' beskriuwt de Kluyver hoe't de minsk yn'e rin fan de iuwen eilannen brûkt hat as laboratoarium, as lokaasje foar natuerlike en sosjale eksperiminten. It leveret in mjuks fan in reisferhaal, in skiednisbeskriuwing en in neislachwurk op. De Ljouwerter skriuwer fertelt oer filosofen, fantasten, wittenskippers en dreamers en nimt de lêzer mei de hiele wrâld oer.

    • 20 min
    Wieke Bosch, anargistyske fersetsheldin dy't har libben joech

    Wieke Bosch, anargistyske fersetsheldin dy't har libben joech

    It libbensferhaal fan Wieke Bosch fan Ljouwert rint oer fan karren dy't tsjin de noarm yngiene en tsjûgje fan idealisme, in frije geast en berettens. Se drukte as anargiste har stimpel op it Fryske ferset. Yn in rige oer Fryske froulju yn it ferset fertelt skriuwer Hessel de Walle oer Wieke Bosch, dy't har libben joech foar har idealen. Se ferstoar yn kamp Ravensbrück.   

    • 10 min
    Sipke van der Meulen, 37 jier ferkearsfeiligens-belied yn Fryslân

    Sipke van der Meulen, 37 jier ferkearsfeiligens-belied yn Fryslân

    Nei 37 jier nimt Sipke van der Meulen meikoarten ôfskie as ferkearsfeiligens-spesjalist fan de provinsje Fryslân. De amtlik siktaris fan it ROF, it regionaal orgaan voor de verkeersveiligheid in Fryslân, giet mei pensioen. Foar in goed petear trof it Buro Van der Meulen yn de Trynwâlden ....

    • 25 min
    Beskieden en Frysksinnige Lys wie tige wichtich foar it ferset

    Beskieden en Frysksinnige Lys wie tige wichtich foar it ferset

    Lysbert Atsma liede in gefaarlik libben. As fersetsfrou moast se net benaud wêze. Skriuwer Hessel de Walle ljochtet har en 31 oare froulju yn it Fryske ferset út yn syn boek Vrouwen van het Friese verzet. Sy hiene in rol dy't lang ûnderbeljochte bleaun is, mar tige wichtich wie. Op it Suderbegraafplak yn Drachten leit de bysûndere grêfstien fan Lysbert Atsma, better bekend as Lys. De stien leit nêst dy fan har âlden en broer en draacht in opfallende ynskripsje: Grutter leafde as dit hat net ien dat ien syn libben weijout foar syn freonen Dizze sinnen jouwe al oan dat hjir in bysûndere frou leit. Sels wie se hiel beskieden oer har rol yn it ferset, wylst dúdlik is dat sy fan grutte wearde wie foar it ferset yn Drachten en omkriten. Sa is der in foto fan Lys mei om har hinne allegear wapene manlju fan de NBS, de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten. Lys stiet sintraal yn 'e midden.

    • 10 min
    Jelte is trije jier en terminaal siik. Heit en mem Hein en Sanne de Haan fertelle.

    Jelte is trije jier en terminaal siik. Heit en mem Hein en Sanne de Haan fertelle.

    Foar heit en mem Hein en Sanne de Haan is der in tiid foar en in tiid nei 2 jannewaris 2023. Doe krigen se de diagnose dat harren soantsje Jelte in metabole sykte hat en net âld wurde sil. Hy is no trije jier en syn oerlibbingskâns is 0%. Wat docht sa'n diagnose mei jo as heit en as mem, mei je relaasje, mei je takomstplannen... Hein en Sanne de Haan binne hjir hiel iepen oer. Se hâlde in blog by en poste op social media. It Buro socht harren op foar in yndringend petear.

    • 15 min
    De wrâldreis fan Marica van der Meer

    De wrâldreis fan Marica van der Meer

    Fytser en reisboekeskriuwster Marica van der Meer fan Warkum stapt wer op 'e fyts! Yn sa'n 800 dagen wol se fan east nei west om de ierde fytse. Fjouwer jier ferlyn wie Marica ek al begûn oan sa'n wrâldreis: doe fytste se de oare kant om. Mar nei fjirtjin moanne en 6000 kilometer troch Amearika twong it coronafirus har doe om ôf te stappen. No besiket se it op 'e nij en it wurdt in hiel oare reis: want Marica fytst diskear net allinnich: fytsmaat Chepe Ruiz fan El Salvador fytst mei har mei. Klazina Hofstee gie nei Warkum en trof Marica doe't se drok oan it pakken wie.

    • 13 min

Top Podcasts In News

Serial
Serial Productions & The New York Times
The Daily
The New York Times
Up First
NPR
The Tucker Carlson Podcast
Tucker Carlson Network
The Ben Shapiro Show
The Daily Wire
The Megyn Kelly Show
SiriusXM

You Might Also Like

Maarten van Rossem - De Podcast
Tom Jessen en Maarten van Rossem / Streamy Media
Echt Gebeurd
Echt Gebeurd
Teun en Gijs vertellen alles
Teun van de Keuken & Gijs Groenteman
Met Groenteman in de kast
de Volkskrant
Man met de microfoon
Chris Bajema
Kunststof
NPO Radio 1 / NTR