21 episodes

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. Bonkerak is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Se binne te harkjen op omropfryslan.nl, op Spotify of yn dyn podcast-app.

Bonkerak Omrop Fryslân

    • Kids & Family

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. Bonkerak is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Se binne te harkjen op omropfryslan.nl, op Spotify of yn dyn podcast-app.

    1. It bonkerak yn de herberch

    1. It bonkerak yn de herberch

    In timmerman út Drachten giet it lân yn om mooglikheden te ûndersykjen hoe't er mear jild fertsjinje kin. Hy bedarret yn in stedsje dêr't it krekt jiermerk is en it is dreech in plakje te finen wêr't er oernachtsje kin. Uteinlik mei er op in keammerke sliepe yn herberch de Koperen Tsjettel, mar de kastlein warskôget him dat er dat keammerke nea ferhiert omdat it der net doocht. It makket de timmerman neat út: hy is skjin oan ein en wol sliepe. Mar hy fernimt al gau dat it yndie net doocht op it keammerke....

    • 16 min
    2. It opgroeven lyk

    2. It opgroeven lyk

    In skuonmakker yn in Skotsk doarpke is sa nijsgjirrich as in âld hin. Hy wit alles fan alle ynwenners. Mar op in dei krijt er in frjemdling op besite dy't nije skuon ha wol. It is in nuvere man. En as er nije skuon foar de man makke hat, folget er him om't er witte wol wêr't de man wei komt. Hy is ferbjustere as er sjocht wêr't de man hinne giet: nei it tsjerkhôf! Dêr stapt er yn in grêf. De skuonmakker hellet fersterking en mei in hiele ploech minsken grave se it grêf iepen. Dat hie er better net dwaan kinnen...

    • 14 min
    3. Rôvers yn ‘e nacht

    3. Rôvers yn ‘e nacht

    Op in stins yn de Fryske wâlden moat in tsjinstfaam in pear dagen oppasse omdat har baas en de frou fuort binne. As se om itenstiid hinne stiet te pankoekbakken, ferskynt der ynienen in frjemde keardel yn de keuken: in rôver. De tsjinstfaam komt him op 'e lije side en wurket mei oan de rôverij. Tegearre mei de rôver siket se alle sulver, goud en jild by inoar en fult sa fiif sekken fol. Dan stjoert se him nei it túnhûs om tou op te heljen om de sekken ticht te binen. As de rôver bûten is, docht se gau alle doarren op slot en de lûken ticht. De rôver is poerrazend! Hy hellet help en mei noch in steltsje oare rôvers besykje se dochs yn 'e stins te kommen. Dat komt in pear fan harren djoer te stean...

    • 12 min
    4. It keammerke fan de eangst

    4. It keammerke fan de eangst

    In alvejierrich jonkje ferhûzet mei syn heit en mem nei in kastieltsje. Hy krijt in keammerke yn 'e toer tawiisd as syn sliepkeamer. Dêr is er hielendal net bliid mei; hy fielt dat it der net doocht. De twadde nacht dat er dêr sliept, sjocht er in âld man by de tafel sitten, mei in petroaljelampe en in swarte kat neist him. Hy kin dwers troch de man hinne sjen! De man nimt in glês wetter, docht der wat poederachtich guod yn en drinkt it op. Dan falt er mei syn holle op 'e tafel. It jonkje is spoekbenaud en raast om syn heit en mem. Hy wol net mear op it keammerke sliepe en krijt in oare sliepkeamer. In healjier letter, as syn freontsje by him is te boartsjen, komt er achter it hiele ferhaal...

    • 16 min
    5. De wolvepoat

    5. De wolvepoat

    Yn it easten fan Fryslân wenje op in slot in baron en syn frou. Se binne lokkich, alles giet bêst. Der is mar ien minpunt: der swalket in wolf yn 'e omkriten dy't de skiep opfret. As der op in nacht wer trije skiep en in laam deabiten binne, nimt de baron maatregels. De skieppehoeder en in jager moatte fan him op jacht nei de wolf. De wolf ferskynt as de jager krekt efkes in oare kant út rûn is en falt de skieppehoeder oan. Dy hat gjin gewear, mar wol in mes en wit himsels te rêden troch de foarpoat fan de wolf der ôf te fykjen. Mei de wolvepoat as in trofee yn in kistke komme se werom by de baron. As dy it kistke iepen docht, binne se alle trije ferbjustere. Der leit net in wolvepoat yn, mar in...

    • 10 min
    6. Pas op foar moaie jonge froulju

    6. Pas op foar moaie jonge froulju

    Mc Fee is mei syn soan Sean en twa maten te jeien yn de Skotske Heechlannen. Se ha moai wat kninen sketten en it is eins te let om noch werom nei hûs te gean. Se wolle oernachtsje yn in skieppehok. Boppe in fjoer meitsje se de kninen klear, se ha wat wisky en it wurdt tige gesellich. Sean is wurch en jout him del. De manlju sjonge en dûnsje. Ynienen stean der fjouwer moaie jonge froulju foar de doar... de froulju betsjoene de mannen mei har skjintme, se dûnsje en sette harren lippen tsjin de halzen fan de jagers... op dat stuit begrypt Mc Fee wat it foar froulju binne en wat harren doel is...

    • 10 min

Top Podcasts In Kids & Family

Calm Parenting Podcast
Kirk Martin
Parenting & You With Dr. Shefali
Dr. Shefali / Starglow Media
Good Inside with Dr. Becky
Dr. Becky Kennedy
Greeking Out from National Geographic Kids
National Geographic Kids
Disney Magic of Storytelling
ABC11 North Carolina
Circle Round
WBUR

You Might Also Like