15 episodes

Podcast searje fjouwer: 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling Under Wetter fan Tryater. Nei oanlieding fan it programma 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' makke Miranda Werkman in oanfoljende podcast. Want hoe realistysk is it dat aanst alles ûnder wetter komt? Yn dizze podcast praat Miranda Werkman mei programmamanager klimaatadaptaasje Karel Veeneman en dykgraaf Luzette Kroon oer de takomst, waarekstremen en it klimaat. Podcast searje trije: 'Fan binnenút', ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ. Podcast searje twa: 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' Yn de podcast-ôfleveringen by 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat programmamakker Miranda Werkman, lykas yn de tv-searje, mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praatst mei de bern sels oer heftige saken? Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe'tst as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinst. Podcast searje ien: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcast-ôfleveringen by de earste tv-searje fan 'Fan binnenút' praat Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?

Fan binnenút Podcast Omrop Fryslân

    • Health & Fitness

    Fan Binnenút, spesjal selsdeading #1

    Fan Binnenút, spesjal selsdeading #1

    "Dit hiene we noait, noait tocht" Yn in spesjal fan trije komme oan it wurd de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Yn diel 1 de neibesteande. Njoggen jier ferlyn kaam it telefoantsje. Nei tolven. Sytske Jorritsma kriig doe te hearren dat har suske, Grytsje, harsels tekoart dien hie. Sytske rekket fuort yn shock. Foar elkenien komt it nijs ut de loft fallen. De syktocht nei antwurden begjint. Mar antwurden komme der net. It stik fertriet en gemis bliuwt.

    • 45 min
    Fan Binnenút, spesjal selsdeading #2

    Fan Binnenút, spesjal selsdeading #2

    "Ik fielde my sa waardeloos" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringsaakkundige en psychiater oan it wurd. Diel 2, erfaringssaakkundige Jan Kuipers. Hy rekke syn baan kwyt en sakke almar fierder fuort. Foar syn opname wie er al ferskate kearen nei it spoar riden, hie er nei in flat west en oan it wetter stien. Hy waard opnommen. Doe is him ien fraach steld dy't him holpen hat. Jan is bliid dat er hjir noch is, want hy fynt dat it libben doel hat. Ek al is it net altyd like maklik. En fynt er it wier wol dreech om wer op te stean. Mar de gedachte dat hy as erfaringssaakkundige no foar oare minsken fan wearde wêze kin, helpt him.    

    • 34 min
    Fan Binnenút, spesjal selsdeading #3

    Fan Binnenút, spesjal selsdeading #3

    "Minsken skamje har faak foar suïsidale gedachten" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater oan it wurd. Diel 3, psychiater Agnes de Groot. Prate. Dat helpt. Freegje. Dat helpt. Freegje oft ien gedachten oan de dea hat. Dat is lestich, want faak skamje minsken har derfoar. En se moat sels ek wol in drompel oer as it giet om minsken yn har eigen omjouwing. Dochs stelt se privee ek faker dizze fragen, omdat se út har wurk wei wit watfoar ferskil oft it meitsje kin. Se wurket in soad mei minsken dy't suïsidaal binne en nee, se leit net wekker fan it wurk. Ek al hat se as professional wol in emosjonele bân mei har pasjinten. En leit se wol wekker as ien himsels tekoart dien hat. Se soe graach wolle dat it gedrach te foarsizzen wurdt, mar dêr is noch folle mear ûndersyk foar nedich.  

    • 32 min
    TRAILER Searje 3: Podcastspesjal oer selsdeading

    TRAILER Searje 3: Podcastspesjal oer selsdeading

    Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ.

    • 51 sec
    Fan Binnenút #1: Komplekse skiedings

    Fan Binnenút #1: Komplekse skiedings

    Fjochtskiedingen, oftewol komplekse skiedingen, komme hieltyd faker foar. Yn de earste ôflevering fan de podcast-rige nimt gedrachswittenskipper Lutske de Vries ús mei yn de holle fan âlden dy't it belang fan harren eigen bern net mear lykje te sjen. Mirjam Hogeboom is fâd by húshâldens. Sy makket mei dat bern de klean fan de iene âlder útdwaan moatte, foardat se by de oar nei binnen meie. Wat binne de gefolgen fan soksoarte gedrach? Vechtscheidingen, oftewel complexe scheidingen, komen steeds vaker voor. In de eerste aflevering van de podcastreeks neemt gedragswetenschapper Lutske de Vries ons mee in het hoofd van ouders die het belang van de eigen kinderen niet meer lijken te zien. Mirjam Hogeboom is gezinsvoogd. Zij maakt mee dat kinderen de kleren van de ene ouder moeten uittrekken, voordat ze bij de ander naar binnen mogen. Wat is de impact van zulk gedrag?

    • 36 min
    Fan Binnenút #2: Prate mei de bern

    Fan Binnenút #2: Prate mei de bern

    Veilig Thuis is it advys- en meldpunt foar húslik geweld en bernemishanneling. Maryse en Anita, beiden meiwurkers fan Veilig Thuis, geane nei't sy in melding krigen hawwe nei de húshâldens ta. In wichtich ûnderdiel is dan prate mei de bern sels. Mar hoe dogge je dat? En wat dogge je as in bern earne net oer prate wol, of it sels noch net ûnder wurden bringe kin? Veilig Thuis is het advies- en meldpunt voor huiselijk geweld en kindermishandeling. Maryse en Anita, beide medewerkers van Veilig Thuis, gaan nadat zij een melding gekregen hebben naar de gezinnen toe. Een belangrijk onderdeel is dan praten met de kinderen zelf. Maar hoe doe je dat? En wat doe je als een kind ergens niet over wil praten, of het zelf nog niet onder woorden kan brengen?

    • 31 min

Top Podcasts In Health & Fitness

The School of Greatness
Lewis Howes
Huberman Lab
Scicomm Media
Soothing Sleep
OpenMind
ZOE Science & Nutrition
ZOE
On Purpose with Jay Shetty
iHeartPodcasts
The Doctor's Farmacy with Mark Hyman, M.D.
Dr. Mark Hyman