It Knottekistje

Omrop Fryslân

Fries Museum op Paad, Omrop Fryslân en Leen een Fries presenteren de podcastserie 'It Knottekistje', een zesdelige reeks waarin Frezen openhartig vertellen over de liefde van hun leven. Iedere week staat één persoonlijk verhaal van een bijzondere liefde en relatie centraal. De titel van de serie verwijst naar een oude Fiese traditie rondom het huwelijksaanzoek. In de zestiende eeuw bood een jongen het meisje van zijn dromen enkele geldstukken aan, verpakt in een 'knottedoek': een doek met een losse knoop. Wanneer het meisje de knoop aantrok, dan was haar antwoord positief en de verloving een feit. Toen de welvaart toenam, maakte de knottedoek plaats voor een zilveren doosje: 'het knottekistje'. In de museumbus van Fries Museum op Paad is een voorbeeld van zo'n knottekistje te bewonderen. De podcast 'it Knottekistje' is een samenwerkingsproject van Omrop Fryslân, Leen Fries (een initiatief van FERS en de Friese Bibliotheken) en Fries Museum op Paad. Fries Museum op Paad, Omrop Fryslân en Leen een Fries presintearje de nije podcastsearje 'it Knottekistje', in seisdielige rige wêryn't Friezen iepenhertich fertelle oer de leafde fan harren libben. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal fan in bysûndere leafde en relaasje sintraal. De titel fan de searje ferwiist nei in âlde Fryske tradysje oangeande it houliksoansyk. Yn 'e sechstjinde iuw bea in jonge it famke fan syn dreamen in pear jildstikken oan, ferpakt yn in 'knottedoek': in doek mei in losse knoop. Wannear't it famke de knoop oanluts, dan wie har antwurd posityf en de ferloving in feit. Doe't de wolfeart tanaam, hat de knottedoek plak romme foar in sulveren doaske: 'it knottekistje'. Yn de museumbus fan Fries Museum op Paad is in foarbyld fan sa'n knottekitsje te sjen. De podcast 'It Knottekistje' is in gearwurkingsprojekt fan Omrop Fryslân, Leen een Fries (in inisjatyf fan FERS en de Fryske Biblioteken) en Fries Museum op Paad.

  1. Hillebrant wilde de liefde bezegelen met een knottekistje

    AFLEVERING 1

    Hillebrant wilde de liefde bezegelen met een knottekistje

    In de podcastreeks 'It Knottekistje' delen Friezen hun persoonlijke verhalen over liefde en relaties. Het knottekistje is een eeuwenoude Friese traditie rondom het huwelijksaanzoek. In de zestiende eeuw bood een jongen het meisje van zijn dromen enkele geldstukken aan, verpakt in een knottedoek: een doek met een losse knoop. Trok zij de knoop aan, dan was haar antwoord 'ja' en de verloving een feit. Met de groeiende welvaart maakte de knottedoek plaats voor een zilveren doosje: het knottekistje. In deze eerste aflevering maken we kennis met Hillebrant en Barbara, die elkaar ontmoetten tijdens een stapavond in Amsterdam. Hun gesprek over politiek zorgde voor een natuurlijke klik. Toch speelde Barbara hard to get: Hillebrant moest moeite doen om haar telefoonnummer te krijgen. Haar creatieve oplossing? Bij elk nieuw muzieknummer gaf ze hem één cijfer van haar nummer. Hij gaf niet op, waardoor er uiteindelijk een relatie ontstond. Voor Hillebrant heeft het knottekistje een speciale betekenis. Als brugklasser bezocht hij het Fries Museum en leerde hij over deze traditie. Dat bleef hem bij. Toen hij wist dat hij Barbara ten huwelijk wilde vragen, ontstond een idee. In het diepste geheim liet hij, met hulp van familie, een eigen knottekistje maken. En hij bedacht een originele manier om haar ten huwelijk te vragen. Benieuwd naar dit bijzondere huwelijksaanzoek? Luister naar het hele verhaal van Hillebrant en Barbara in It Knottekistje! ********************************************************************************************************** Yn de podcastrige "It Knottekistje" fertelle Friezen har persoanlike ferhalen oer leafde en relaasjes. It knottekistje is in iuwenâlde Fryske tradysje. Yn de sechstjinde iuw bea in jonge it famke fan syn dreamen muntstikken oan, bewuolle yn in knottedoek: in doek mei in losse knoop. As it famke de knoop oanluts, dan wie har antwurd 'ja' en wie de ferloving in feit. Doe de minsken riker waarden waard de knottedoek ferruile foar in sulveren doaske: it knottekistje. Yn dizze earste ôflevering meitsje wy kennis mei Hillebrant en Barbara, dy't elkoar tsjinkamen op in stapjûn yn Amsterdam. Har petear oer polityk soarge foar in natuurlike klik. Dochs spile Barbara 'hard to get'; Hillebrant krige har telefoannûmer net samar. Hyltyd as der in nij muzyknûmer draaid waard, joech se him ien sifer fan har nûmer. Hy hold oan en sa krigen se in relaasje. Foar Hillebrant hat it knottekistje in bysûndere betsjutting. As jonkje gie hy nei it Fries Museum en learde oer dizze tradysje. Dat is him altyd by bleaun. Doe't hy wist dat hy Barbara te'n houlik freegje woe, krige hy in idee. Yn it djipste geheim liet er, mei help fan famylje, in eigen knottekistje meitsje. En hy betocht in orizjinele wize om har te freegjen. Benijd nei dit bysûnder houliksoansyk? Harkje dan nei it hiele ferhaal fan Hillebrant en Barbara yn It Knottekistje!

    24 min
  2. AFLEVERING 2

    Sykte makke de leafde fan it begjin ôf hiel yntins by Eelke en Geesje Duursma

    De relaasje fan Eelke en Geesje Duursma gie fuort yn it begjin al de djipte yn. Nei in pear wike ferkearing die bliken dat Geesje slim siik wie: se hie skildklierkanker. Der folge in swier behannelingstrajekt werby't Geesje troch dy skildklierproblemen feroare. Mar Eelke liet net los en bleau by har. Jierren letter krige Geesje opnij kanker: earst in melanoom en doe boarstkanker. Se is opnij wersteld. Mar wat ha dizze perioades dien mei harren relaasje en har leafde? "Dy is fuort al hiel yntins wurden" seit Eelke dêr oer. Nijsgjirrich nei hoe't sy har relaasje foarm jûn hawwe en hokker hichte- en djippepunten as se meimakke ha? Harkje dan nei de twadde ôflevering fan it Knottekistje. ************************************************************************************************************************* De relatie van Eelke en Geesje Duursma was vanaf het begin intens. Al na een paar weken verkering bleek dat Geesje een ernstige ziekte had: schildklierkanker. Er volgde een zwaar behandelingstraject waarbij Geesje door dy schildklierproblemen veranderde. Maar Eelke hield haaar vast en bleef bij haar. Jaren later wordt Geesje opnieuw getroffen door kanker: eerst een melanoom en daarna borstkanker. Opnieuw herstelde ze van de ziektes. Maar wat hebben deze periodes van ziekte gedaan met hun relatie en hun liefde? "Die is meteen heel intens geworden" zegt Eelke daar over. Ben je benieuwd naar hoe Eelke en Geesje hun relatie hebben vormgegeven en welke hoogte- en dieptepunten ze meegemaakt hebben? Luister dan naar de tweede aflevering van 'it Knottekistje'.

    29 min
  3. AFLEVERING 3

    Liefde heeft tijd nodig om te kunnen stromen, leert relatietherapeut Jeroen Stek ons

    In deze derde aflevering leren we veel over relaties van relatietherapeut Jeroen Stek. Zelf is hij na 17 jaar huwelijk gescheiden van zijn eerste vrouw. Later leerde hij Richtje kennen. Ze zijn nu al meer dan 30 jaar samen. De scheiding is van grote invloed geweest voor Jeroen. Hij noemt het een zwarte bladzijde in zijn levensboek, maar tegelijk zorgde het ervoor dat hij zich ging verdiepen in relaties. Als relatietherapeut vindt hij vaak stellen tegenover zich die elkaar zijn kwijtgeraakt door hun drukke levens. Stek staat op het standpunt dat 'partnertijd' in een relatie essentieel is.  Benieuwd naar de visie van Jeroen Stek? Luister naar It Knottekistje! *********************************************************************************************** Yn dizze tredde ôflevering leare we in protte oer relaasjes fan relaasjeterapeut Jeroen Stek. Sels is hy nei 17 jier houlik skieden fan syn earste frou. Letter learde er Richtje kennen en se binne no al mear as 30 jier by mekoar. De skieding hat in grutte ynfloed hân op Jeroen. Hy neamt it in swarte side yn syn libbensboek, mar tagelyk hat it der foar soarge dat hy him ferdjipje woe yn relaasjes. As relaasjeterapeut hat er in soad te krijen mei stellen dy't inoar kwyt rekke binne troch har drokke bestean. Stek fynt dat 'partnertiid' yn in relaasje essinsjeel is. Benijd nei de fysje fan Jeroen Stek? Harkje nei it Knottekistje!

    22 min
  4. AFLEVERING 4

    Aukje Nauta praat iepentlik oer har relaasje mei in troude man

    De grutte leafde fan Aukje Nauta is al fjirtich jier troud... Hy - we neame him Jasper - rekke ek fereale op har, mar yn earste ynstânsje koene se der neat mei. Hy wie ommers troud. Mar nei oerlis mei syn frou en it opstellen fan dúdlike regels, ha Aukje en Jasper dochs in relaasje krigen. As Jasper by Aukje is, krijt sy alle oandacht en dat is fansels hearlik. "Mar" sa seit se, "ik soe sa graach ek de gewoane mominten mei him diele wolle. Freedtemiddeis tegearre út it wurk wei op de bank ploffe en in searje sjen. Dat mis ik".  Benijd nei it ferhaal fan Aukje har relaasje mei in troude man? Harkje dan nei dizze fjirde ôflevering fan It Knottekistje. ********************************************************************************************* De grote liefde van Aukje Nauta is al veertig jaar getrouwd. Hij - we noemen hem Jasper - werd ook verliefd op haar, maar in eerste instantie konden ze niets met die verliefdheid. Hij was immers getrouwd. Maar na overleg met zijn vrouw en het opstellen van een soort van contract met duidelijke regels, kregen ze toch een relatie. Als Jasper bij Aukje is, krijgt ze de onverdeelde aandacht. "Maar", zo zegt ze, "Ik zou ook graag de gewone, alledaagse momenten met hem willen delen. Op vrijdagmiddag samen na een drukke werkweek op de bank ploffen en een serie kijken. Dat mis ik". Nieuwsgierig geworden naar het verhaal van Aukje en haar relatie met een getrouwde man? Luister dan naar deze vierde aflevering van It Knottekistje.

    28 min
  5. AFLEVERING 5

    Fan katolike jeugd nei Islamitysk houlik: it leafdesferhaal fan Saskia

    Zij werd katholiek opgevoed met het gevoel dat de wereld voor haar open lag. Hij kwam met niets naar Nederland na een vlucht uit Syrië met een familieverhaal dat generaties eerder al begonnen was. Saskia Eertman en haar man komen uit heel verschillende werelden maar vonden elkaar in de liefde. Toen Saskia hem voor het eerst zag wist ze het al: Dit is hem!. Toch besloot ze om het eerst tegen te houden. Want hoe realistisch is het: Een Nederlandse vrouw uit Leeuwarden en een Palestijnse man die gevlucht is uit Syrië met een totaal andere culturele achtergrond? Maar nacht na nacht droomde ze van hem en ze besloot om het een kans te geven. Saskia werd dan wel katholiek opgevoed maar ze verloor het geloof in haar pubertijd. Ze verdiepte zich in de Islam, stelde vragen, twijvelde en uiteindelijk besloot ze om zich te bekeren. Ze trouwden in Albanië, waar ze op vakantie waren. Met een imam en twee getuigen die ze niet kenden, in een pizzeria in Tirana. Ze zijn getrouwd, officieel man en vrouw maar wonen niet bij elkaar. Ze wonen allebei nog bij hun familie. Saskia in Leeuwarden en haar man ergens in het westen van het land.  Ben je nieuwsgierig geworden naar het verhaal van Saskia Eertman? Luister dan naar de podcast 'it Knottekistje'. ******************************************************************************************** Sy waard katolyk grutbrocht mei it gefoel dat de wrâld foar har iepenlei. Hy kaam nei Nederlân mei neat, nei in flecht út Syrië, mei in ferhaal dat al generaasjes earder begûn wie. Saskia Eertman en har man komme út twa hiel ferskillende wrâlden, mar fûnen elkoar yn de leafde. Doe't Saskia him foar it earst seach, wist se: dit is him. En dochs besocht se it earst noch tsjin te hâlden. Want hoe realistysk is it: in Nederlânske frou út Ljouwert en in Palestynske man dy't flechte is út Syrië mei in hiel oare kulturele achtergrûn? Mar nacht nei nacht dreamde se fan him en se besleat om it in kâns te jaan. Saskia waard katolyk grutbrocht mar ferlear it leauwen yn har pubertiid. Se ferdjippe har yn de Islam, stelde fragen, twivele en úteinlik besleat se om har te bekearen. Se trouden yn Albanië, dêr't se op fakânsje wiene. Mei in imam en twa tsjûgen dy't se net koene, yn in pizzeria yn Tirana. Se binne troud, offisjeel man en frou, mar wenje net byinoar. Beide wenje se noch by har famylje. Saskia yn Ljouwert en har man earne yn it westen fan it lân. Nijsgjirrich wurden nei it ferhaal fan Saskia Eertman? Harkje dan nei de podcast 'it Knottekistje'.

    30 min
  6. AFLEVERING 6

    Siepie Faber troude mei Harm dy't nei 30 jier houlik Harriëtte waard: "Us bân is sterker wurden".

    Se binne 42 jier troud en 44 jier by mekoar. Se gunne mekoar alles en litte mekoar ek gewurde. Dreger is it net, yn de eagen fan Siepie Faber fan Easterlittens. Dy't troch it fjoer giet foar Harriëtte, want Harriëtte is har 'allesie'. Siepie moete Harm - doe noch wol -  yn de kroech fan Wommels. Harm wie stoer: in pûde sjek yn e bûse, in petsje op en frachtweinsjoffeur. Siepie wie fuort fereale. By dizze man koe se harsels wêze. Se fielde har feilich. It duorre net lang foardat se tegearre it beslút namen te trouwen. Se hiene it goed tegearre. Op in dei fynt Siepie reade pumps yn de kast en tinkt: dy sille wol fan Harm wêze want dy hâldt fan ferklaaien. Sa giet er ek wolris as frou nei feestjes. As se Harm fertelt oer de pumps komt it hege wurd derút. Harm wol graach frou wurde. Siepie har earste reaksje is dat  se net lesbysk is. Se fynt it spannend. Net omdat se ynsit oer harren relaasje, net in tel, mar wol oer hoe't famylje en freonen reagearje sille. Harm giet de transysje yn en wurdt Harriët. Foar Siepie feroaret der net safolle yn har houlik. Want innerlik is de persoan dêr't se mei troude noch deselde, sa seit se. Seksueel is der wol wat feroare. Se tútsje en krûpe meiïnoar, mar mear net.  Benijd nei it ferhaal fan Siepie? Harkje dan nei dizze sechsde ôflevering fan it Knottekistje. *********************************************************************************************** Ze zijn 42 jaar getrouwd en 44 jaar samen. Ze gunnen elkaar alles en laten elkaar vrij. Moeilijker is het niet in de ogen van Siepie Faber uit Easterlittens. Ze gaat door het vuur voor Harriëtte, want Harriëtte is haar 'allesie'. Siepie ontmoette Harm - toen nog wel - in de kroeg in Wommels. Harm was stoer: Een zakje sjek in het borstzakje, een petje op en vrachtwagenchauffeur. Ze was op slag verliefd. Bij deze man kon ze zichzelf zijn, ze voelde zich veilig. Het duurt niet lang voor ze besluiten om te trouwen. Ze hadden het goed samen. Op een dag vindt Siepie rode pumps in de kast en ze denkt dat die van Harm zijn omdat hij het leuk vindt zich te verkleden. Zo gaat hij ook wel eens als vrouw verkleed naar een feestje. Ze vertelt Harm over de pumps die ze gevonden heeft en dan komt het hoge woord er uit. Harm wil graag een vrouw zijn. Haar eerste reactie is duidelijk: "maar ik ben niet lesbisch"!. Siepie vindt het spannend. Niet omdat ze bang is voor hun relatie, maar ze maakt zich wel zorgen om de reactie van familie, vrienden en bekenden. Harm gaat de transitie in en wordt Harriëtte. Hun huwelijk verandert niet drastisch, zegt Siepie, omdat Harriëtte innerlijk nog steeds dezelfde persoon is. Seksueel is er wel wat veranderd. Ze zoenen en knuffelen, maar daar blijft het bij. Nieuwsgierig naar het verhaal van Siepie? Luister dan naar deze zesde aflevering van it Knottekistje

    18 min

Trailer

Info

Fries Museum op Paad, Omrop Fryslân en Leen een Fries presenteren de podcastserie 'It Knottekistje', een zesdelige reeks waarin Frezen openhartig vertellen over de liefde van hun leven. Iedere week staat één persoonlijk verhaal van een bijzondere liefde en relatie centraal. De titel van de serie verwijst naar een oude Fiese traditie rondom het huwelijksaanzoek. In de zestiende eeuw bood een jongen het meisje van zijn dromen enkele geldstukken aan, verpakt in een 'knottedoek': een doek met een losse knoop. Wanneer het meisje de knoop aantrok, dan was haar antwoord positief en de verloving een feit. Toen de welvaart toenam, maakte de knottedoek plaats voor een zilveren doosje: 'het knottekistje'. In de museumbus van Fries Museum op Paad is een voorbeeld van zo'n knottekistje te bewonderen. De podcast 'it Knottekistje' is een samenwerkingsproject van Omrop Fryslân, Leen Fries (een initiatief van FERS en de Friese Bibliotheken) en Fries Museum op Paad. Fries Museum op Paad, Omrop Fryslân en Leen een Fries presintearje de nije podcastsearje 'it Knottekistje', in seisdielige rige wêryn't Friezen iepenhertich fertelle oer de leafde fan harren libben. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal fan in bysûndere leafde en relaasje sintraal. De titel fan de searje ferwiist nei in âlde Fryske tradysje oangeande it houliksoansyk. Yn 'e sechstjinde iuw bea in jonge it famke fan syn dreamen in pear jildstikken oan, ferpakt yn in 'knottedoek': in doek mei in losse knoop. Wannear't it famke de knoop oanluts, dan wie har antwurd posityf en de ferloving in feit. Doe't de wolfeart tanaam, hat de knottedoek plak romme foar in sulveren doaske: 'it knottekistje'. Yn de museumbus fan Fries Museum op Paad is in foarbyld fan sa'n knottekitsje te sjen. De podcast 'It Knottekistje' is in gearwurkingsprojekt fan Omrop Fryslân, Leen een Fries (in inisjatyf fan FERS en de Fryske Biblioteken) en Fries Museum op Paad.

Suggesties voor jou