Fit mei Femke sûnder muzyk

Omrop Fryslân

3...2...1... Start! Rin dy 'Fit mei Femke', in trainingsprogramma fan trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. Fit mei Femke fynst yn dyn podcastapp

  1. EPISODE 1

    Wike 1 - Training 1

    Training 1 7 x 1 minút hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Klear foar de earste trainingswike? Hast ek de yntroduksje al trochlêzen? Doch dat wol, dêr sitte belangrike saken yn. Ik begjin hjir mei fiif tips. Fiif tips foar de earste trije wiken 1. Yn it trainingsprogamma wikselje we hurdrinne en kuierjen mei inoar ôf. It sykheljen wurdt wer wat rêstiger by it kuierjen en blessueres oan spieren en gewrichten as gefolch fan oerbelêsting kin sa foarkommen wurde. 2. Hâld dy yn it begjin net mei ôfstannen dwaande, mar allinnich mei tiid. Tempo is dus net fan belang. 3. Lis dysels de dissipline op om trije kear yn de wike te hurdrinne. Dit neffens it podcastprogramma. Dan allinnich boust ferantwurde kondysje op. It liket in protte en it freget meastentiids ek in omkear yn dyn leefpatroan. Mar do wolst dy 5 km helje en dan moat der ek wat gebeure. 4. It begjin is altyd dreech. Mar oan de ein fan de tredde wike komt der dochs belibbing by it hurdrinnen. Dyn enerzjyhúshâlding feroaret, do fielst dy fitter en nei alle gedachten silst sûner ite. 5. Snelheid by it hurdrinnen is moai, mar it rinnen freget nochal wat fan dyn spieren, sine (pees!), gewrichten, hert en bloedfetten. Soargje der foar dat de 5 km helber is sûnder te kuierjen. En nei 13 septimber kinst oan dyn snelheid wurkjen gean. Noch in pear nijsgjirrige ynternetsiden oer hurdrinne: www.runinfo.nl www.prorun.nl www.runnersweb.nl www.atletiek.nl www.sportzorg.nl Jaring de Groot

    23 min
  2. EPISODE 2

    Wike 1 - Training 2

    Training 2 2 x 2 minuten en 5 x 1 minút hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Klear foar de earste trainingswike? Hast ek de yntroduksje al trochlêzen? Doch dat wol, dêr sitte belangrike saken yn. Ik begjin hjir mei fiif tips. Fiif tips foar de earste trije wiken 1. Yn it trainingsprogamma wikselje we hurdrinne en kuierjen mei inoar ôf. It sykheljen wurdt wer wat rêstiger by it kuierjen en blessueres oan spieren en gewrichten as gefolch fan oerbelêsting kin sa foarkommen wurde. 2. Hâld dy yn it begjin net mei ôfstannen dwaande, mar allinnich mei tiid. Tempo is dus net fan belang. 3. Lis dysels de dissipline op om trije kear yn de wike te hurdrinne. Dit neffens it podcastprogramma. Dan allinnich boust ferantwurde kondysje op. It liket in protte en it freget meastentiids ek in omkear yn dyn leefpatroan. Mar do wolst dy 5 km helje en dan moat der ek wat gebeure. 4. It begjin is altyd dreech. Mar oan de ein fan de tredde wike komt der dochs belibbing by it hurdrinnen. Dyn enerzjyhúshâlding feroaret, do fielst dy fitter en nei alle gedachten silst sûner ite. 5. Snelheid by it hurdrinnen is moai, mar it rinnen freget nochal wat fan dyn spieren, sine (pees!), gewrichten, hert en bloedfetten. Soargje der foar dat de 5 km helber is sûnder te kuierjen. En nei 13 septimber kinst oan dyn snelheid wurkjen gean. Noch in pear nijsgjirrige ynternetsiden oer hurdrinne: www.runinfo.nl www.prorun.nl www.runnersweb.nl www.atletiek.nl www.sportzorg.nl Jaring de Groot

    25 min
  3. EPISODE 3

    Wike 1 - Training 3

    Training 3 3 x 2 minuten en 4 x 1 minút hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Klear foar de earste trainingswike? Hast ek de yntroduksje al trochlêzen? Doch dat wol, dêr sitte belangrike saken yn. Ik begjin hjir mei fiif tips. Fiif tips foar de earste trije wiken 1. Yn it trainingsprogamma wikselje we hurdrinne en kuierjen mei inoar ôf. It sykheljen wurdt wer wat rêstiger by it kuierjen en blessueres oan spieren en gewrichten as gefolch fan oerbelêsting kin sa foarkommen wurde. 2. Hâld dy yn it begjin net mei ôfstannen dwaande, mar allinnich mei tiid. Tempo is dus net fan belang. 3. Lis dysels de dissipline op om trije kear yn de wike te hurdrinne. Dit neffens it podcastprogramma. Dan allinnich boust ferantwurde kondysje op. It liket in protte en it freget meastentiids ek in omkear yn dyn leefpatroan. Mar do wolst dy 5 km helje en dan moat der ek wat gebeure. 4. It begjin is altyd dreech. Mar oan de ein fan de tredde wike komt der dochs belibbing by it hurdrinnen. Dyn enerzjyhúshâlding feroaret, do fielst dy fitter en nei alle gedachten silst sûner ite. 5. Snelheid by it hurdrinnen is moai, mar it rinnen freget nochal wat fan dyn spieren, sine (pees!), gewrichten, hert en bloedfetten. Soargje der foar dat de 5 km helber is sûnder te kuierjen. En nei 13 septimber kinst oan dyn snelheid wurkjen gean. Noch in pear nijsgjirrige ynternetsiden oer hurdrinne: www.runinfo.nl www.prorun.nl www.runnersweb.nl www.atletiek.nl www.sportzorg.nl Jaring de Groot

    25 min
  4. EPISODE 4

    Wike 2 - Training 1

    Training 1 3 x 3 minuten en 1 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje. Jaring de Groot jout advys oer skuon en klean "Bezuinigen op de aanschaf van hardloopschoenen, is bezuinigen op het verwerven van hardloopplezier" Trije belangrike saken: pasfoarm, skokdemping en stabiliteit. Foar in goed advys is it bêste om nei in hurdrinspesjaalsaak te gean. Hast in pear âlde hurdrinskuon, nim se dan mei. It kin ien en oar sizze oer dyn rinpatroan. Rinskuon kinne ûnderferdield wurde yn trije haadkategorieën; neutraal, nei binnen rinne (oerpronaasje) en nei bûten rinne (supinaasje). By de measte hurdrinspesjaalsaken wurdt in filmke makke fan dyn ringedrach en op basis dêrfan wurde de goeie skuon oanmetten. By de measte minsken is de iene foet grutter as de oare foet. Keapje dyn skuon op basis fan de grutste foet. En keapje skuon altyd in bytsje grutter as de maat fan dyn gewoane skuon Skuon binne der yn in soad breedtematen. Ek dat is belangryk. Goeie hurdrinklean is komfortabel en funksjoneel. Moast dy der dus goed yn bewege kinne. It bêste is om yn ferskate lagen ademjende klean te trainen. Dus lichte klean dy't de waarmte goed fêsthâlde kinne, mar wêrby it swit wol fuortkomme kin. It doel fan de lagen is om ôfkuolling foar te kommen. It swit wurdt fanút de ferskate lagen ôffierd en dêrtroch wurdst minder gau kâld. Boppedat kinst by waarm waar in laachje útdwaan. En kinst better wat tefolle klean oan ha as te min. De hurdrinspesjaalsaak hat lyk as by de skuon in hiel soad keuze en meastentiids ek noch yn moderne kleuren. Jaring de Groot

    19 min
  5. EPISODE 5

    Wike 2 - Training 2

    Training 2 3 x 3 minuten en 2 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot jout advys oer skuon en klean "Bezuinigen op de aanschaf van hardloopschoenen, is bezuinigen op het verwerven van hardloopplezier" Trije belangrike saken: pasfoarm, skokdemping en stabiliteit. Foar in goed advys is it bêste om nei in hurdrinspesjaalsaak te gean. Hast in pear âlde hurdrinskuon, nim se dan mei. It kin ien en oar sizze oer dyn rinpatroan. Rinskuon kinne ûnderferdield wurde yn trije haadkategorieën; neutraal, nei binnen rinne (oerpronaasje) en nei bûten rinne (supinaasje). By de measte hurdrinspesjaalsaken wurdt in filmke makke fan dyn ringedrach en op basis dêrfan wurde de goeie skuon oanmetten. By de measte minsken is de iene foet grutter as de oare foet. Keapje dyn skuon op basis fan de grutste foet. En keapje skuon altyd in bytsje grutter as de maat fan dyn gewoane skuon Skuon binne der yn in soad breedtematen. Ek dat is belangryk. Goeie hurdrinklean is komfortabel en funksjoneel. Moast dy der dus goed yn bewege kinne. It bêste is om yn ferskate lagen ademjende klean te trainen. Dus lichte klean dy't de waarmte goed fêsthâlde kinne, mar wêrby it swit wol fuortkomme kin. It doel fan de lagen is om ôfkuolling foar te kommen. It swit wurdt fanút de ferskate lagen ôffierd en dêrtroch wurdst minder gau kâld. Boppedat kinst by waarm waar in laachje útdwaan. En kinst better wat tefolle klean oan ha as te min. De hurdrinspesjaalsaak hat lyk as by de skuon in hiel soad keuze en meastentiids ek noch yn moderne kleuren. Jaring de Groot

    25 min
  6. EPISODE 6

    Wike 2 - Training 3

    Training 3 4 x 3 minuten en 2 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot jout advys oer skuon en klean "Bezuinigen op de aanschaf van hardloopschoenen, is bezuinigen op het verwerven van hardloopplezier" Trije belangrike saken: pasfoarm, skokdemping en stabiliteit. Foar in goed advys is it bêste om nei in hurdrinspesjaalsaak te gean. Hast in pear âlde hurdrinskuon, nim se dan mei. It kin ien en oar sizze oer dyn rinpatroan. Rinskuon kinne ûnderferdield wurde yn trije haadkategorieën; neutraal, nei binnen rinne (oerpronaasje) en nei bûten rinne (supinaasje). By de measte hurdrinspesjaalsaken wurdt in filmke makke fan dyn ringedrach en op basis dêrfan wurde de goeie skuon oanmetten. By de measte minsken is de iene foet grutter as de oare foet. Keapje dyn skuon op basis fan de grutste foet. En keapje skuon altyd in bytsje grutter as de maat fan dyn gewoane skuon Skuon binne der yn in soad breedtematen. Ek dat is belangryk. Goeie hurdrinklean is komfortabel en funksjoneel. Moast dy der dus goed yn bewege kinne. It bêste is om yn ferskate lagen ademjende klean te trainen. Dus lichte klean dy't de waarmte goed fêsthâlde kinne, mar wêrby it swit wol fuortkomme kin. It doel fan de lagen is om ôfkuolling foar te kommen. It swit wurdt fanút de ferskate lagen ôffierd en dêrtroch wurdst minder gau kâld. Boppedat kinst by waarm waar in laachje útdwaan. En kinst better wat tefolle klean oan ha as te min. De hurdrinspesjaalsaak hat lyk as by de skuon in hiel soad keuze en meastentiids ek noch yn moderne kleuren. Jaring de Groot

    29 min
  7. EPISODE 7

    Wike 3 - Training 1

    Training 1 2 x 4 minuten en 2 x 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot jout advys oer iten en drinken Goed iten is belangryk foar hurdrinners. Troch ynspanning stelst ekstra easken oan it lichem. Sûn iten is ûnder te ferdielen yn fiif groepen. De foar in soad minsken wol bekende 'skiif fan fiif'. Probearje alle fiif groepen yn dyn ytpatroan op te nimmen. Op dy wize bist wis datst it goeie oantal kaloryen en fiedingsstoffen binnen krigest. De skiif fan fiif bestiet út: koalhydrate setmoalprodukten(soargje foar enerzjy yn it lichem), aaiwytrike produkten (soargje foar werstel nei in training) suvelprodukten (ek foar de enerzjy en soarget foar sterke botten), fruit (soargje foar fitaminen en enerzjy) en grienten (soargje ek foar fitaminen en mineralen). Der is noch in seisde groep wêrûnder fetten, oaljes en sûkers falle, mar produkten út dizze kategory moatte mei mate brûkt wurde, omdat der in soad kaloryen ynsitte, mar mar in bytsje fiedingswearde. Wetter is de bêste drank yn de wrâld! It kostet eins neat, sitte gjin kaloryen yn, soarget foar de ôffier fan ôffalstoffen út it lichem en bestiet út belangrike mineralen. Foar dizze clinic is it fan belang om alle dagen genôch wetter te drinken. Dat is minimaal in liter en maksimaal twa liter. Gewoanwei is it net nedich om wetter mei te nimmen by de training. Mar is it hiel waarm, doch it dan wol. Dat kin yn de foarm fan in bidon of in spesjaal hurdrinfleske. Wetter is goed genôch. Yn dizze clinic is it net nedich om spesjale hurdrindranken of iten te nimmen. Dizze wike is it flink waarm en dochs wolst graach traine. Mar wat dochst no by tige waarm waar? Inkele tips: • Rin moarns of jûns, mar net oerdei en wis net om it waarmste punt fan tolve oere hinne. • Soargje by waarm waar datst goed drinkst yn it foar. Nim ek in bidon of in spesjale hurdrin-drinkflesse mei foar ûnderweis. En tink der foaral om om nei ôfrin genôch te drinken. • Rin net boppe de 25 graden en doch it by waarm waar wat stadiger oan. Probearje ek in wat boskrike omjouwing te sykjen mei wat skaad ynstee fan it iepen fjild wêr de sinne folop skynt. • Soargje datst dy goed ynsmarst me sinnebrânoalje en draach as it kin in hurdrinpet en in sinnebril. • Draach by it waarme waar klean dy't goed ademje kinne, sadatst dyn waarmte goed kwyt kinst. En draach gjin donkere klean, want dat nimt de waarmte op. • De hertslach sil 5 oant 15 slaggen heger wêze, omdat it bloed by waarm waar dikker is en it hert mear muoite hat om it rûn te pompen. Jaring de Groot

    23 min
  8. EPISODE 8

    Wike 3 - Training 2

    Training 2 3 x 4 minuten en 2 x 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot jout advys oer iten en drinken Goed iten is belangryk foar hurdrinners. Troch ynspanning stelst ekstra easken oan it lichem. Sûn iten is ûnder te ferdielen yn fiif groepen. De foar in soad minsken wol bekende 'skiif fan fiif'. Probearje alle fiif groepen yn dyn ytpatroan op te nimmen. Op dy wize bist wis datst it goeie oantal kaloryen en fiedingsstoffen binnen krigest. De skiif fan fiif bestiet út: koalhydrate setmoalprodukten(soargje foar enerzjy yn it lichem), aaiwytrike produkten (soargje foar werstel nei in training) suvelprodukten (ek foar de enerzjy en soarget foar sterke botten), fruit (soargje foar fitaminen en enerzjy) en grienten (soargje ek foar fitaminen en mineralen). Der is noch in seisde groep wêrûnder fetten, oaljes en sûkers falle, mar produkten út dizze kategory moatte mei mate brûkt wurde, omdat der in soad kaloryen ynsitte, mar mar in bytsje fiedingswearde. Wetter is de bêste drank yn de wrâld! It kostet eins neat, sitte gjin kaloryen yn, soarget foar de ôffier fan ôffalstoffen út it lichem en bestiet út belangrike mineralen. Foar dizze clinic is it fan belang om alle dagen genôch wetter te drinken. Dat is minimaal in liter en maksimaal twa liter. Gewoanwei is it net nedich om wetter mei te nimmen by de training. Mar is it hiel waarm, doch it dan wol. Dat kin yn de foarm fan in bidon of in spesjaal hurdrinfleske. Wetter is goed genôch. Yn dizze clinic is it net nedich om spesjale hurdrindranken of iten te nimmen. Dizze wike is it flink waarm en dochs wolst graach traine. Mar wat dochst no by tige waarm waar? Inkele tips: • Rin moarns of jûns, mar net oerdei en wis net om it waarmste punt fan tolve oere hinne. • Soargje by waarm waar datst goed drinkst yn it foar. Nim ek in bidon of in spesjale hurdrin-drinkflesse mei foar ûnderweis. En tink der foaral om om nei ôfrin genôch te drinken. • Rin net boppe de 25 graden en doch it by waarm waar wat stadiger oan. Probearje ek in wat boskrike omjouwing te sykjen mei wat skaad ynstee fan it iepen fjild wêr de sinne folop skynt. • Soargje datst dy goed ynsmarst me sinnebrânoalje en draach as it kin in hurdrinpet en in sinnebril. • Draach by it waarme waar klean dy't goed ademje kinne, sadatst dyn waarmte goed kwyt kinst. En draach gjin donkere klean, want dat nimt de waarmte op. • De hertslach sil 5 oant 15 slaggen heger wêze, omdat it bloed by waarm waar dikker is en it hert mear muoite hat om it rûn te pompen. Jaring de Groot

    29 min

Trailer

About

3...2...1... Start! Rin dy 'Fit mei Femke', in trainingsprogramma fan trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. Fit mei Femke fynst yn dyn podcastapp